lavendel2

wike fan gebed


as ik der ta komme kin
myn hannen gear te dwaan
de eagen te slúten
my nei Jo ta te kearen

Jo dy't oeral berikber binne

 
as ik der ta komme kin

myn tankberens
foar Jo del te lizzen
it lek en brek fan dizze wrâld
út myn bestean
oan Jo op te dragen

Jo dy't graach nei my hearre

en yn myn hert
teplak komme wol


aukje wijma