langsme
no't de dagen
amper ljocht jouwe
de beammen harren sop
nei binnen ropt
en wy omklommerje
om waarmte ferlegen
ûnderdak sykje
yn hûs en herberch
thúskomme meie
by ússels
ferwachtsje we
Jo
Jo
die it dageljocht
aanstons
wer oer ús
opkomme lit
wer troch de hoop
djip yn ús ferskûle
opljochtsje kin
ús libbensstreamen
kreftich harren wei
sykje sille
sykje sille
wy meie mei-inoar
opnij begjinne
yn frede
aukje wijma
.
.