lavendel2

it amelân

in grien fiskerskratsje
in reade flesse
wanten tou

it wetter fan ‘e see
leit it foar myn fuotten del

ik tôgje it mei
nei de strânopgong
meitsje it ta in monumint
foar foarbygongers

oer ús skoandere wetter
dêr wol ik it mei dy
oer ha

aukje wijma