feroaring fan loft
mei de holle fol
útfanhûzersdrokte
fan beppesizzers
sit ik yn 'e trein
op wei nei it kleaster
om dêr op azem te kommem
en it opslûpend folkje
yn it ljocht fan in kearske
del te lizzen
foar Him
dy 't ek as ik loslit
soargjen bliuwt
aukje wijma