Hits: 3222
fjirtich dagen

tiid fan ynkear 
nim my mei
yn dyn net te bedjipjen
grotten fan stilte

lit my iensumens fiele
en blidens
rêst en lit ûnrest
net ivich duorje

stil myn langsume 
nei wysheid
brek my opnij iepen
foar Godlik Ljocht

aukje wijma