Hits: 5133
stille saterdei
dizze tsjustere dei is leech
fersleinens
't is net te begripen

it barren dizze dagen
gjin wurden
binne der foar dit ferlies
hoe moatte wy dit drage

syn froulju dwerstroch
fan fertriet
tinke oan moarn en krûden

oan salvjen
fan Syn brutsen lea
noch ien kear
Him fersoargje hoeden

moarnier betiid
as it Ljocht wurdt

aukje wijma