am-fluss

   
dichterswurk

al jierren kamen
wurden troch dy
delskreaun
op my ta

en no dizze tiid
fan dielen
tusken wurden
fan ôf it papier
en útsprutsen
leit in wrâld fan
net te sizzen
gefoel

taastber
binne de letters
se meitsje in brêge
yn rigels
ferwurde

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)