lavendel2

   
wyk oersjoch

der hinget driging yn ‘e loft
macht en ûnmacht stride
mei ûngrypber tsjustere kreften

der wurdt fergadere nachten troch
wize machthawwers diele
ûnfrede oer frede

der klinkt út safolle mûlen soarch
om ‘e ierde en har minskebern
mei net te bedjipjen wûnen

it Skepperlûd ropt ek noch hjoed
ierdebern jim witte dôchs noch wol
wer ‘t leafde mei begjint

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)