Afdrukken
Hits: 543
wûnder

do lyts krûpend rupske
hast op dyn koarte poatsjes
in lange wei te gean

fan griene blêdsjes frette
in húske om dy hinne wuolje
en dêrnei hiel hiel lang sliepe

en dan sjoch ris oan
as dyn eachjes wer
iepen gean do stadich oan
út dyn hoaltsje krûpst

fladderjend mei dyn
fleurige fleugels 
as in
prachtich moaie flinter
dûnsjend ús bliid makkest

aukje wijma