wûnder
do lyts krûpend rupske
hast op dyn koarte poatsjes
in lange wei te gean
fan griene blêdsjes frette
in húske om dy hinne wuolje
en dêrnei hiel hiel lang sliepe
en dan sjoch ris oan
as dyn eachjes wer
iepen gean do stadich oan
út dyn hoaltsje krûpst
fladderjend mei dyn
fleurige fleugels as in
prachtich moaie flinter
dûnsjend ús bliid makkest
aukje wijma