Afdrukken
Hits: 1421
foldroegen

fjirtich dagen it kwea wjerstean
fjirtich wiken it bern drage
fjirtich jier de woestine yngean

en dan

as de woestine trochwraksele is
it bern foldroegen
it kwea oerw├╗n

komt de minske troch it wetter
oan it ljocht
wurdt libben berne

aukje wijma