Ik bin der
fan alles en elkenien
ferlitten iensum
my der oan tajaan
en dan in ljochtpuntsje
in momintsje mar
by de tiid kommend
is it begripen
my te wûnderlik
myn ferstân
wol der net oan
Hy wie der
en is der
foar ienris en altyd
aukje wijma