lavendel2

jefte
 

bûten rûkt it nei iere maitiid
it krûpt my troch 'e lea omheech

de grûn makket

graach romte foar it
ljochte opkommende grien

hearehintsjes

sykje nei yn lang
winterskoft yn dûnkere kieren
boartsjend de frijheid

de wask kin wer nei bûten
en ik wol my yn 'e sinne del jaan
har noflike opwaarmjende wurk
oer my hinne komme litte

maitiid
op 'e nij kriget it libben
in kâns fan slagjen

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)