Afdrukken
Hits: 4008
foar it nije jier
 
lit dy it hert net op 'e doele bringe
troch alle skrikkelgrauske tiden
en leau foar altyd

dat leafdesfjoer
ûnder en oer alles hinne
it lêste wurd hawwe sil

eagen opljochtsje lit
en minsken mei hert en siel
oan elkoar tabetrout

aukje wijma