lavendel2

   
ferwûndering

wy kuierje lâns it wide wetter
troch it iere maitiids lân

in strakblauwe loft
mei wite skieppewolkjes
behoedet oer ús petear

geandewei belânje
wy yn in wrâld
mei wûnderlike ynsichten

it waaksjende griene gers
nimt ús tinzen yn har
útdijen mei omheech

tusken himel en ierde sille
wurden nea bedjipje
wat wetter loft en wolken
teweechbringe

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)