lavendel2


by it petgat

libelles sweve troch de loft
yn ‘e reiden sykje se al in skoft
om in gaadlik plakje yn ‘e sinne
dêr kinne se elkoar beminne
har aikes lizze ûnder ‘t blêd
dy frette har dêr letter sêd
libelles sweevje troch de loft

de juffers hawwe alle nocht
oant tikkeboartsjen op it wetter
dat skjin en koel is it kin net better
har bern noch lyts en sûnder kleur
jouwe oan har libben fleur
libelles sweve troch de loft

aukje wijma



*******************