Hits: 1983
oarsom

wannear wurde grutte loaze wurden brutsen
troch de pine fan it hert
wurde swetsers lam slein
troch lytse jonkjes

slacht de blinnens ta yn neonljocht
kleiend roppe wy
sil der ea in tiid komme
yn it minskelibben

dat der syn wêzen bedjipje kin
him ôfwikkele lit oant in ljochtglâns
falle kin yn syn wêzen

aukje wijma