am-fluss

   
melody away in a manger

Hy komt ta de minsken
giet mei har yn see
in bern yn in krêbe
in wûnder idee
gjin spoaren fan grutskens
gjin pracht en gjin praal
in kening yn 't bûthús
in hiel moai ferhaal

Hy komt ta de minsken
en iepent it rút
dat útsjocht op frede
de dream is net út
de frede foar minsken
foar wyt en foar swart
Profeten dy sitte 't
leau mar dat it bart

En tsjustere tiden
komme yn in oar ljocht
de foarst fan de frede
dy hat it betocht
't is oars as wy sjogge
en hiel oare taal
it liet fan 'e ingels
bringt ús op ferhaal

dichter ûnbekend
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)