am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
 
gedicht fan Nelson Mandela
de oersetting is fan Dora Huisman

leafhawwe en loslitte

loslitte betsjut net dy net mear belutsen fiele,
mar ik kin it net foar in oar dwaan.

loslitte is net mysels losmeitsje,
mar ik begryp dat ik in oar net bestjoere kin.

loslitte is net in oar wat tastean,
mar him leare litte troch ûnderfining.

loslitte is machtleas tajaan,
want it risseltaat is net fan my ôfhinklik.

loslitte is net in oar feroarje wolle of him de skuld jaan,
mar it bêste fan mysels meitsje.

loslitte is net mear soargje foar,
mar soarch hawwe om.

loslitte betsjut net mear fêsthâlde,
mar stypje.

loslitte is net oardiele,
mar oaren de kâns jaan harsels te wêzen.

loslitte betsjut net mear alles regelje wolle,
mar oaren de kans jaan de wurklikheid ûnder eagen te sjen.

loslitte betsjut net ûntkenne,
mar oanfurdzje.

loslitte betsjut net langer skiede of rûzjesykje wolle,
mar eigen tekoartkommingen sykje en ferbetterje.

loslitte is net alles nei myn hân sette,
mar eltse dei nimme sa as dy komt en dêr wille yn hawwe.

loslitte is net elkenien bekritisearje en bedigenje,
mar besykje te wurden wêr't ik fan dream.

loslitte is net yn it ferline hingjen bliuwe,
mar groeie en libje nei de takomst.

loslitte is minder eangst en mear leafhawwen.
 
 
 
 
.
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)