Hits: 4362
langsume

komt der in tiid
dat grutte loaze wurden
brutsen wurde
troch de pine fan it hert

swetsers lamslein binne
mei brutsen bonken
de blinens taslacht yn neonljocht
en ien tel dagen duorret

de tiid ynbrekke moat
sadat de minske
it libben bedjippet
himsels ôfwikkelje lit

en oerstjoer telâne komt
yn in ljochtglâns
dy it hert rekket
de mûle wiere wurden jout

aukje wijma