am-fluss

   
foldroegen tiid

safolle trochlibbe jierren
safolle lake en skriemt
wurke en neitocht

safolle leafde
krige en jûn
safolle ferskillende
gefoelens hân

wysheid dysto meinimst oer
dizze tiidsdrompel hinne
fruchtber meitsje meist

moarn en alle dagen
dy ‘t it libben dy jout

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)