lavendel2

olympysk goud

de wei dy't ik gean
freget eltse dei op 'e  nei
it libben oangean

de wei dy 't ik gean
freget geduldig trochsetten
eltse dei
in kromke tichter by.....

 de wei dy 't
ik allinne gean kin
freget oan it úterste ta
der wêze

sa as Hy der is foar my

aukje wijma