toast
skoandere wetterdrippen falle
by it bak fol samar út 'e loft
jouwe blommen en minsken groeikreft
skoandere wetterdrippen ferdwine
yn traach ritme
tusken terras tegels
skoandere wetterdrippen binne
wetterboarnen foar
droechfallen minskebern
jouwe harren nije libbensmoed
aukje wijma