am-fluss

Hoofdmenu  


   
   

 

foar myn  mem

nei fjouwer en njoggentich jier
ierdske rykdom
leafde en soarjen
 
libbe mem yn ôfwachting
fan 'e ferwachting
fan it nije begjin
 
myn libben lang mocht ik
by har thúskomme
my waarmje
oan har gastfrijens
 
of my ôfsette
tsjin har tinken
 
ik wist net better
dan dat se der foar my wy
en ik der foar har wêze mocht
 
en no moat ik har gean litte
nei it lân fan louter Ljocht
dêr 't se sa graach fan song
en somtiden nei út seach
 
ik sil har bidden foar my misse
har freegjen oer hoe't it mei ús gie
en har meilibjen mei de bernsbern
 
it wy har tiid om te gean
en ik gun har fan herte de frede by Kristus
dy 't alle ferstân te boppe giet
 
aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)