am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Ien nacht op it kastiel ( Kastiel dreamen)
It hinge al salang yn 'e loft. Al jierren lyn hy se dreamt fan tsjustere gongen,
lytse finsters en hiele grutte sealen mei dûnsjende minsken .
Mar ja, it libben giet soms in hiel oare kant op dan yn jins dreamen.
En no stie se dér dan oan de kant fan 'e dyk, mei har taske yn 'e han.
Dat wie alles wat se noch oer hie.
Se hearde har mem sizzen, fanke, famke dochs, hoe koesto ek sa.
Ja hoe rint it soms, fereale wie se west, dwers troch alles hinne oanstutsen troch die fint, mei syn moaie eagen.
It hie net lang duorre foart hy har om hie, se wie mei gong nei syn hûs, en doe.
De grize gong har noch oer de grauwe, wat in stommeling hie se west.
Mar it wie foarby, en manmoedich seach se foarút, dér moast it weikomme.
Foar in nei begjin is it noait te let, hearde se djip yn harsels. 
De loft wie blau, de sinne kipere súntsjes efter de wite wolken wei, en knippere har freonlik ta.
Se soe der wat fan meitsje, rekkenje mar! Noch in kertierke rinnen en dan wie se wér 'se wêze moast.
Yn de biblioteek wie it lekker waarm, se socht in leech hoekje pakte de krante en sneupte de lytse advertinsjes troch.
Har each foel op in pear richeltsjes mei in tillefoannûmer. 'Frege immen die fan oanpakken wit.'
No as jo nei san argewaasje, de kop net hingje litte, foarút sjogge, witte jo wol fan oanpakken no. Se skille en koe tsjin de jûn lâns komme.
Troch it rút fan de bus seach se nei it lânskip wat oan har foarby gong. Noch ien doarpke en dan wie it safier. Soe se in sliepplak hawwe foar de nacht?
De skille klonk troch de doar nei bûten, it duorre efkes en doe, stie se dêr, de eagen tsjinoer har, lieten mear sjen dan wurden sizze kinne. Yn 'e keamer kamen fjouwer lytse minskjes foar it ljocht, dat soe har wurk wurde, leafde jaan en krije.
Nachts yn har nije keamerke boppe dreamde se, fan in grutte doar die 't foar har iepen stie, yn de ljochte gong kamen fjouwer lytse berntsjes har yn 'e mjitte. Fan út de keamer hearde se muzyk. Dûnsjende wei kamen se de keamer yn.
Efkes beweegde se mei de eagen, suchte djip en joech har del, se wie te plak.

 aukje wijma

   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)