lavendel2

ûnderweis

't mei oandacht
skildere hongerdoek
oerklaait 'e pracht en praal

makket frij fan
wat der bûten lokket

freget romte foar ferburgen
oanstriid pine
trochwrakselt ynerlik fenyn

in wei fan fjirtich dagen

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)