lavendel2

útstrieling

Jo Geast

kleuret hjoed fiolet
bringt treast
oan ferskopte minsken

gûlt oer driuwende bern
 op 'e libbenssee

fersûpt om frij te libben

Jo Geast
kleuret hjoed pears
fan ûnrjocht
ûnmacht fan leafde leech

driuwt fier fuort
sa tichteby ús hús

 ús beskutte waarme wente

Jo Geast
waait oer lân en see

nimt 'e skriembea
fan ús allegearre mei



aukje wijma