am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Opdrachtjouwer
 
dêr stean wy dan
en stoarje om it libben
nei in wolkeleaze loft
sa keal allinnich ûnwenning
 
dêr stean wy dan
no krekt sille wy ' t ferstean
Syn wurk oan ús is folbrocht
no komt it op ús oan
 
dêr gean wy dan
troch alle waar en wyn
mei Geast krêft yn Syn fuotprint
in nije tiid brekt oan
 
aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)