am-fluss

Hoofdmenu  


   
advint

de simmer
joech yntiids
yn tûzental har strielen

blommem bloeiden
en wy boarten
mei wetter yn 'e wyn

en no
troch sinnewaarmte
it goud trochgroeide sie
har swiete fruchten
oan ús tabetroud

rjochtsje wy ús
op 'e dagen wêryn
wy oan elkoar fertelle
it Wûnder
oan ús tabetroud

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)