am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Ynmoedig ropt myn hert ta Jo
 
Ynmoedig ropt myn hert ta Jo:
kom Jo my nei
kom tichteby
en reitsje oan hertetoan
 
Ynmoedig ropt myn hert ta Jo:
wiis my in wei
kom tichteby
Jo leafde libbe it my foar
 
Ynmoedig ropt myn hert to Jo:
gean mei my mei
kom tichteby
lis wurden op myn libbensspoar
 
aukje wijma
Tekst aukje wijma 2012
Muziek Sebastiaan Schippers 2012 
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)