am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
In boarterstùn

Der boppe is in boarterstùn,
der boartsje al dy bern
dy't it bestean op ierde
of 't libbenljocht net mochten sjen.
In boarterstùn, sa grut, sa moai,
gjin tùn op ierde sa.
Sy hawwe aloan wille,
om't se gjin lijen ha.
't Is Jezus wurd. Hy seit:
"Lit komme al dy bern
dy't it bestean op ierde
of 't libbensljocht net mochten sjen."
Foar harren is der plak,
in boarterstùn sa grut en moai,
in hiel bysûnder ûnderdak.


JELLIE KROOK-MERKUS
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)