am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
de Wyn komt

ynienen komt se frij
lit har
as in fûgel drage
op 'e termyk fan it libben

der boppe út tilt

kriget se ynsjoch
oer it tizenêst
fan ferrûne jierren

ûnder har eagen
waait it útinoar
ta foarbydriuwende

skieppewolkjes

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)