lavendel2

   
wyk oersjoch

der hinget driging yn ‘e loft
macht en ûnmacht stride
mei ûngrypber tsjustere kreften

der wurdt fergadere nachten troch
wize machthawwers diele
ûnfrede oer frede

der klinkt út safolle mûlen soarch
oer ‘e ierde en har bern
mei net te bedjipjen wûnen

it Skepperlûd ropt ek hjoed ús op
minskebern wêr bin jim dochs
yn fredesnamme bring dochs leafde

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)