am-fluss

   
Jo boartersplak
foar minsken
is sa oars
as ik betinke kin

wêr ik Jo ferwachtsje
binne Jo net te finen

samar earne ûnderweis
komme Jo my yn 'e mjitte

Jo wûnderlike
tichteby kommen
set my oan
ta leafdefol meidwaan

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)