am-fluss

Hoofdmenu  


   
de dei nei 

foar dizze dei
binne gjin wurden te finen

fersleinens net te begripen
dit barren dizze wike
gjin wurden binne der foar dit ferlies
hoe moat it no mei ús

syn froulju doarstrôch fan fertriet
tinke oan moarn en krûden
oan salvjen fan Syn brutsen lea
foar ‘t lêst wolle se by Him wêze

moarnier betiid
as it Ljocht is

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)