am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
efter de kime wei

de skimer ropt de nacht in kear
de dei ferdwynt it goud
giel efterlitten op wolken
wetter minskebern

't is stil oer it fjild
de blommem teare
ticht har reade rykdom
wy skôgje oer de dize nei

Jo kamen del
mei sinne strielen
leafde omearme ús
mei deiske libbensmoed

it wie sa fertrout
sa as alle oare dagen
te wêzen yn Jo hoede
it libjen yn Jo skaad

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)