am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
bespegeling

yn it sulveren spegelglês
sjoch ik eagen
dy ’t opljochtsje
en sizze

ik hâld fan dy

ik sjoch in
mûle wêrtroch
wysheid en healwizichheid
nei bûten kaam

ik sjoch twa earen
wat hawwe se
troch de tiid hinne opfongen
fan wat der sein is

en no fan ‘e moarn
spegelje ik my wer
sil der leafde wêze
yn it lânskip fan hjoed

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)