am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
wetter leafde

njonken it skulpepaad
streamt
glinsterjend
rimpelich wetter

in âlde  meänder

slingeret
by  reidpôlen del
ûnder brêgen troch
bringt en hellet  har rikens
dei út dei yn

somtiden
yn rêstige kadâns

lykas no

en dan wer
oerstjoer
mei wite plommen
op har weagen

by simmerdeis
of djip swart beferzen

nimt se my mei
yn har betsjoening

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)