am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Wa hat de tiid yn behear
 
fan in amerij
wêryn leafde wekker wurd
 
fan it earste bernewurdsje
dat myn hert waarm makket
 
fan 'e eachopslach
wêryn lijen sichtber wurd
 
fan net troch te kommen dagen
ûnwissichheid
 
wa beheart de oeren
dy 't wiken duorje
 
en de jierren
dy't yn in eachwink foarbydriuwe
 
aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)