am-fluss

Hoofdmenu  


   
skimerich

yn it dimjende ljocht fan ’e hjerstdei
rin ik dyn kâlde hûs foarby
doarmet de stoarmwyn
as in razende twirre
om my hinne
falle de lêste apels fan ‘e beam

yn it dimjende ljocht fan ‘e hjerstdei
sykje ik om in waarme siel
gûnzet it holle wurk
as in mealende mûne
troch my hinne
beknypt it ta in nij begjin

yn it dimjende ljocht fan ‘e hjerstdei

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)