am-fluss

Hoofdmenu  


   
oergong

it helder giele jûnsljocht
lit har waarmte
troch de kleasterruten skine

mei oandacht folgje ik de lêste strielen
wol se mei beide hannen fêsthâlde

noch net fuortgean
noch net

ik bin der noch net oan ta
om jim gean te litten

de nacht wolkom te hjitten

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)