am-fluss

   
oan it Ljocht komme


dyn tún
hasto frij makke
fan opslûpend
fertiizjend beamtegrien
sadat sinneljocht syn wei fynt
de grûn waarm wurdt
en ljocht grien op komme kin


sa bisto sels
frij makke
fan slûpende fertiizjende krêften
om yn 'e waarmte fan it Ljocht
oerein te gean


sie
dat jierren lang
ferburgen lei yn earme grûn
brekt no nei bûten
komt ta libben
de tiid is ryp

aukje wijma

   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)