am-fluss

Hoofdmenu  


   

memmen

yn it register fan it
bibelboek mattéus
stean tusken 'e manljusnammen

fiif memmenammen
froulju fan ferskate komôf oeral wei
skoden mei de wei sljocht
foar It Bern

De Fredefoarst

fan alderhande komôf
út ferskate kontreien wei
komme manlju en froulju
mei bern yn ús lân

op ús ta

meie se
yn ús fermidden skûlje
harren nei wenjen sette
meiwurkje oan ús lân

de moarnsdage
is oan 'e loft
it feest foar befrijde minsken
is kommende wei

aukje wijma


   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)