am-fluss

Hoofdmenu  


   
loskomme

de iene hân leit
op ’e klink
de oare taast
oer de griene ôfbleddere doar

stil fal ik

fertroude grûn
hâldt my noch in amerij
yn ‘e besnijing

sa gau as
it lûd fan ‘e skoattel
him hearre lit

de doar los
yn ‘e hingsels hinget
wurdt it my rom om it hert

dêr leit de drompel
dy ‘t noeget

hjir trochwrotten grûn
dy ‘t  my gean litte wol

it romme sicht
troch de iepen doar
nimt my mei
yn syn betsjoening

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)