am-fluss

Hoofdmenu  


   
loft

boartlike wolken
jousto de romte
de sinne mei har gong gean

moanne  en stjerren
krije allegear har plak

 wy ierde bewenners
wolle troch dy hinne sjen
opklimme ta dyn rêststee

dyn blau is te djip
foar ús eagen

dyn romte
te fier foar t’ ferstân

we meie útsjen
ús ferwûnderje
by dy opazem komme  

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)