am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
krêftboarne

de skomkoppen
komme al wer tichteby

it opkommende wetter boldert

oer dreamen en stoarmen
ûnderweis

it sân harket
lit it wetter
 ta har komme

altyd mar wer
skjirret se
de wylde weagen
bêdet  har grime del

op it wide strân
 lit peal tolve de see
oan har tarre jas slikje

salang as it tij duorret

aukje wijma
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)