am-fluss

Hoofdmenu  


   
jefte

it rûkt nei maitiid

it kribelet en baarnt my yn 'e lea

ik wol nei bûten moat sjen

hoe't 'e grûn romte makket

foar it ljochte grien

en de hearehintsjes foar it ljocht komme

út har winterhoalen

wy hingje de wask wer bûten

en jouwe ús yn 'e sinne del

litte de waarmte

 har noflike wurk oan ús dwaan

maitiid

op 'e  nij kriget it libben  in kâns fan slagjen


aukje wijma

   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)