am-fluss

Hoofdmenu  


   
Franciscus

de lytse man gie oerein
kaam it neakene
brekbere tsjin
en fûn dêryn it wiere libben
timmere oan syn libbenshûs
dat dreger wie
as in tsjerke opknappe

yn 'e natuer kamen foar him
himel en ierde
elkoar yn 'e mjitte

hy slite syn libben
mei minsken fan it selde slach
en skûle mei har
ûnder in kleasterdak

thús kaam er by de Ivige

aukje wijma

   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)