am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
Daalders petgat600

In daalders petgat

Notysjes ut tsien jier Skriuwersarke

Foar Mineke, Joukje en Henk

Yn 2006 waard de arke fan Rink van der Velde yn gebrük nommen as 'Skriuwersarke'. Dat is no tsien jier ferlyn. Ta gelegenheid dêrfan is dit boekje makke. It jout in yndruk fan hoe't de skriuwers dy't der oant no ta hüsmanne hawwe, de tiid bestegen, hoe't it fer-bliuw har befoel, of net, wat foar Onbekende en soms neargeastige lüden har nachts ut de sliep holden, hoe iverich oft se wiene of hoe lui. Koene se tsjin de stilte, de iensu-mens? Mei meast as iennichste oanrin de 'Geamannen', de frijwilligers fan it Fryske Gea, dy't in bakje kofje hellen. Of faaks kipe Mineke van der Velde, de widdo fan de skriuwer efkes om it hoekje. Dat gou grif foar Rink en Minekes freonen Henk en Joukje Visser, dy't der fan it begjin öf oan foar soargen dat de arke der spie en span by lei as in nije skriuwer him/har yn it arkje nei wenjen sette. It echtpear hat yn 2014 ófskie nommen, net sünder pine. Hja wiene der mei fergroeid. Wy drage dit boekje graach op oan Mineke en Henk en Joukje.

De gearstallers: Wytske Rypma, Lysbert Bonnema en Pieter de Groot

Alles oan de arke is moai, behalve de arke ferlitte.

(Sipke de Schiffart)









   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)