am-fluss

Hoofdmenu  


   
   
boek Small
In de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten dy't se koe fia Tresoar om eat te meitsjen mei as tema 'Oer it wetter'.
Dat levere in rike rispinge fan allegear materiaal op dat sa goed byinoar paste, dat se it fêstlizze woe yn boek en cd.
Op 9 en 16 oktober 2010 waarden de teksten en muzyk opnaam
. De poëzij, fertellingen en iietteksten waarden somtiden ferstille brocht, sweevjend op in weach fan sêfte klanken, mar dan wer krêftich en yntins.
De fariaasje yn muzyk wie fan dimmen, jazzy, folk oant metat.
Dat alles yn in mjuks fan solostikken en gearwurking, ynklusyf ymprovisaasje
. De skriuwers en ütfierders wurken mei passy.
Guon hiene fakminsken by har ûtfiering belutsen, oaren in seiskip en ek die in koar fan diriginten mei.
Op dizze cd en yn it boek dit nije Fryske wurd en lûd.
Yn it boek is ek de fisuele diminsje fan wetter en ferbining meinaam.
Dat omfettet wurk fan en fia de skriuwers en fotowurk fan Ouke Kooistra, Johan Veenstra en Coby Bandstra.

 Aukje boek Small
Gedichten van Aukje Wijma te beluisteren: klik links op een titel 
 

Sinjalemint Oer it wetter


freed, 13 maaie, 2011

Jelma Knol

Mei Gods segen Oer it wetter

Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, is in sympatyk, want demokratysk projekt. Tryntsje van der Veer stalde de dichtbondel mei fersen oer it wetter gear, der sit in cd by mei foardrachten en muzikale útfierings, moai byldwurk en foto’s yn it boek meitsje de totaalerfaring kompleet.

It sympatike en demokratyske fan dit projekt sit him yn de gearwurking tusken amateurkeunstbeoefeners en profesjonals, ek yn de muzyk. In skaaimerk fan projekten lykas Oer it wetter is ûnder mear dat se in royaal poadium biede oan froulike poëzybeoefeners. Yn blomlêzings út de offisjele Fryske literatuer binne dichteressen faak fier yn de minderheid. Dat leit ek oan de froulju sels. Serieuze keunstbeoefening begjint mei fertrouwen yn jo eigen talint, oan mentale spierballen en oan it lef om jo eigen wurk oan tydskriften en útjouwers oan te bieden, mei fansels it risiko op ôfwizing. It is typysk froulik om yn minder ‘offisjele’, low profile blomlêzings te publisearjen, sadat jo jo by krityk altiten achter jo amateurstatus ferskûlje kinne. Wat fan ambivalinsje, mar dan op in oare wize, priuw ik ek yn it foaropwurd én it goede doel dêr’t de revenuen foar ornearre binne. It gearstallen fan de bondel en de optredens foar de cd wurde as in hast religieuze ûnderfining presintearre. Sa falt gauris it wurd ferbining en de folgjende sin liicht der ek net om: ‘Us doel wie in cd en boek om efkes stil by te wêzen, om dan wer mei te dwaan, elts op syn eigen wize.’

No lient in boek as dit him net foar in krityske analyze. Dêrfoar sit der te folle ferskaat yn de teksten, bylden en muzyk, sels mei in ferbinend tema as Oer it wetter. Guon teksten binne miskien net goed genôch as gedicht mar foldogge wol wer as liettekst. De iene dichter is al lang gjin amateur mear, in oarenien is it al tritich jier en komt yn wêzen net folle fierder yn syn of har wurk.
De útwurking fan it sintrale tema is in fariant op it al twa ieuwen âlde ‘Auf dem Wasser zu singen’ en alles wat dêrnei skreaun is, ek yn de Fryske literatuer. De spoaren dêrfan binne rûnom yn de bondel te finen. De Romantyk, mei de natuer as byld foar in gemoedsstimming, de Fryske dichters út it ynterbellum: de literêre tradysje resonearret flink mei yn de measte teksten.
Dêrby binne de ‘amateurs’ faak it minst orizjineel. Spontane poëzy bestiet no ienris net. Guon fersen binne sjarmant-nayf:

Ik ha in wûnder sjoen
Hjir by ús by de Leien
It iere moantsje stie
Mei ’t polderke te frijen (side 19)

Oare fersen binne dat stadium al lang foarby, sjoch bygelyks gedichten as ‘Rimpeling’ en ‘Sliepdriuwe’ op side 45 en 46. Guon fersen bliuwe op noflike wize tichtby de wurklikheid:

De netten droech,
Oersjoch ik it hear,
In tûkje, dêr wat rûchte.
It doke dat as skipke baait,
Breedút yn ’e iere sinne,
Earne waard hja ringe.
Stil is de wrâld. (s. 53)

It wetter en de natoer binne yn de measte gedichten net wreed of ûnbedimber:

It sân
Harket
Lit it wetter
Ta har komme

Altyd mar wer
Skjirret se
De wylde weagen
Bêdet har grime del (s. 69)

It is mar in inkelde kear wat minder nuet:

God bless you all
Want dat klinkt
Sa moai
Oer it wetter
Ta neat fljocht it nei hege hichten
De himel laket
De himel stjoert
Pylken as fleantugen
Arrogânsje tuorret mar falt net
Har beurt te stjerren
Har beurt te moardzjen (side 91)

Lit ik my dêr mar by oanslute. God bless you all. Gean fral troch mei projekten as dizze en wês noch kritysker op it einresultaat.

Oer: Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij. Gearstald troch Tryntsje van der Veer. Boek mei cd, 110 siden; 2010, útjouwerij Elikser, Ljouwert

 
 
   
© Aukje Wijma ( webmaster: P.O.)